Frysk


De Museumfederaasje Fryslân is twatalich en makket gjin ûnderskied tusken Frysk en Nederlânsk. Dat hâldt bygelyks yn dat jo by us de taal brûke kinne dy't jo wend binne te sprekken of te skriuwen. Ek Frysktalich e-maile is gjin beswier.

Boppedat besiket de Museumfederasje Fryslân jo safolle mooglik yn de taal te wurd te stean dy't jo sels brûke, ek by antwurd op jo mail. Omdat lykwols net alle meiwurkers de Fryske taal skriftlik behearskje, is it net altyd mooglik Frysktalige e-mail ek yn it Frysk te beäntwurdzjen.